Cymraeg
Welsh
It Welsk is in Keltyske taal dy’t net folle oerienkomsten hat mei it Ingelsk. Ingelsktaligen sille heechút guon lienwurden fan it Welsk begripe. Der fine dêrom net in soad twatalige konversaasjes plak. Yn de measte gefallen sille Welsktaligen yn in petear mei Ingelsktaligen oerstappe op it Ingelsk.
It jierlikse ûndersyk ûnder de befolking, útfierd troch it Nasjonaal Buro foar de Statistyk, oer it jier dat rûn oant maart 2019, wiist út dat 874.600 ynwenners (29 prosint fan ’e totale befolking) fan Wales fan trije jier en âlder Welsk prate kinne. De resultaten foar it meast resinte Nasjonale Undersyk foar Wales (2017-2018) wize út dat 19 prosint fan ’e folwoeksen befolking fan 16 jier en âlder Welsk prate kin, wylst nochris 12 prosint yn dy leeftiidsgroep oanjoech dat se "oant in beskate hichte Welsk prate kinne”. Beide ûndersiken jouwe hegere persintaazjes Welsk-sprekkers yn Wales as de gegevens fan de telling dy’t holden waard nei it earste desennium fan ’e 21ste iuw. Yn 2011 kaam dêr út nei foaren dat 19% fan de befolking fan trije jier en âlder Welsk prate.
Yn it noarden en westen fan Wales binne de persintaazjes Welsk-sprekkers heger. Yn termen fan oantallen sprekkers wenje lykwols de measte Welsk-sprekkers yn tichtbefolke stedske gebieten yn it suden en easten fan Wales. It is dêrom goed om te betinken dat it Welsk in libbene taal is dy’t minsken oeral yn Wales deistich brûke. Boppedat binne der rûnom op ’e wrâld minsken dy’t Welsk prate en sosjale media , massamedia en online-tsjinsten brûke. Der binne allinnich yn Ingelân al sa’n 100.000 minsken dy’t Welsk prate. Der wenje ek sa’n 50.000 minsken mei in Welske eftergrûn yn Patagoanië (Argentinië). Sa’n 500 dêrfan soene ek Welsk prate kinne.
Sûnt de oerdracht fan foech yn 1998 en it ynstellen fan it parlemint fan Wales is der breed droegen konsensus oer de winsklikheid fan it befoarderjen fan de Welske taal yn it Welske iepenbiere libben en it feilich stellen fan de taal foar de takomst. Tsjintwurdich hat de Welske taal in sterke posysje yn wet- en regeljouwing. De Maatregel fan 2011 boude fierder op it fûnemint fan de Welske Taalwet fan 1993 en lit de offisjele status sjen fan ’e Welske taal yn Wales. Sûnt 2011 is de funksje fan Kommissaris foar de Welske taal ynsteld en de Welske Taalprogramma’s (dy’t earder beoardere waarden troch it Bestjoer fan de Welske Taal) binne ferfongen troch de Rjochtlinen foar de Welske Taal. Sûnt 2015 is der in Wet foar it Wolwêzen fan Takomstige Generaasjes yn Wales, dy’t in kollektyf ramt útset foar oerheidsbelied yn Wales. Ut dy wet sprekt in fyzje foar Wales dêr’t de Welske taal him goed yn ûntjaan kin. De Welske wet- en regeljouwing jout hieltyd mear omtinken oan de wetlike twatalige kontekst fan Wales.
De earste legere skoalle mei Welsk as fiertaal waard, mei oerheidsstipe, iepene yn 1947. Dêrnei is oeral yn Wales de ûnderwiissektor mei Welsk as fiertaal fluch groeid. Yn earste ynstânsje trochdat de âlden en guon beliedsmakkers yn it ûnderwiis derom fregen. Der binne mear as 500 saneamde Cylchoedd Meithrin, dy’t rûnom yn Wales foarskoalsk ûnderwiis en berne-opfang oanbiede mei Welsk as fiertaal oan mear as 13.000 bern. Neffens de statistiken fan ’e oerheid giet 16% fan ’e bern yn Wales yn it basisûnderwiis en it fuortset ûnderwiis nei skoallen dêr’t it Welsk de fiertaal is en nochris 10% giet nei twatalige skoallen, of nei skoallen dêr’t beide talen as fiertaal brûkt wurde, of Ingelsktalige skoallen dêr’t in protte oan it Welsk dien wurdt. De Welske oerheid hat as doel om it persintaazje fan elke jiergroep dy’t ûnderwiis krijt mei it Welsk as fiertaal te ferheegjen nei 30% yn 2031 en 41% yn 2050. It haaddoel is dat yn 2050 in miljoen minsken Welsk prate.