Frysk
Frisian
It Westerlauwersk Frysk (we neame it meastal gewoan Frysk) is in West-Germaanske taal dy’t benammen yn ’e provinsje Fryslân yn it noarden fan Nederlân sprutsen wurdt. Fan ’e Fryske talen hat it Westerlauwersk Frysk de measte sprekkers.
Fryslân hat sa’n 650.000 ynwenners. Dêrfan kin 94% it sprutsen Frysk ferstean, 74% kin Frysk prate, 75% kin Frysk lêze en 27% kin Frysk skriuwe. Foar mear as de helte fan ’e ynwenners fan ’e provinsje Fryslân is it Frysk de memmetaal. Krekt oer de eastlike provinsjegrins wenje sa’n 4.000 oant 6.000 Fryskpraters yn ’e provinsje Grinslân. In soad Friezen hawwe de ôfrûne sechtich jier de provinsje ferlitten foar de mear wolfarrende dielen fan Nederlân. Mooglik wol 150.000 Fryskpraters wenje yn oare Nederlânske provinsjes. It Frysk wurdt net allinnich as earste taal brûkt, sa’n 120.000 minsken yn ’e provinsje Fryslân brûkt it as twadde taal.
It Frysk wurdt troch de UNESCO beskôge as in taal dy’t gefaar rint om út te stjerren, offisjeel stiet it Frysk te boek as "Kwetsber".
It Westerlauwersk Frysk is standerdisearre en dy standert wurdt breed droegen yn ’e Fryske mienskip. It Frysk wurdt offisjeel erkend troch de Nederlânske oerheid en hat sûnt 1956 in offisjele status yn ’e provinsje Fryslân. Yn 2014 hat de Nederlânske regearing de Fryske Taalwet oannommen. Dêr is yn fêstlein dat elk yn ’e provinsje Fryslân it rjocht hat om de eigen taal te brûken yn ’e rjochtspraak en mei oerheidsynstânsjes. Dêrmei binne Nederlânsk en Frysk de twa offisjele talen fan ’e provinsje Fryslân.
Yn 1956 waard yn Fryslân yn it leger ûnderwiis begûn mei de twatalige skoalle. It Frysk koe fan doe ôf oan brûkt wurde as fiertaal. Yn datselde jier waard it Frysk in offisjeel skoalfak. Fan 1937 ôf wie it yn it leger ûnderwiis al in opsjoneel ekstra fak. It duorre lykwols oant 1980 ta foar’t it Frysk de status krige fan in ferplicht fak yn it leger ûnderwiis, en net earder as yn 1993 krige it dyselde posysje yn it fuortset ûnderwiis.
Binnen ISO 639 hat it Westerlauwersk Frysk de koades fy en fry, dy’t foar de hiele Fryske taalfamylje jilde.
