Gaeilge
Irish
It Iersk is ien fan ’e âldste en meast histoarysk skreaune talen yn ’e wrâld. It earste bewiis derfan is te finen op Ogham-stiennen út ’e fyfde iuw. It Iersk wurdt no brûkt yn mear as 4.500 boeken, op ’e telefyzje, op ’e radio, yn ’e kranten, tydskriften, en op it ynternet. We witte net krekt wannear’t it Iersk yn Ierlân opdûkte, mar in soad wittenskippers tinke dat it der 2.500 jier lyn al wie. Dêrfoar waarden der oare talen praat yn Ierlân, mar om 500 foar Kristus hinne waard oeral yn Ierlân Iersk praat en de taal wreide him út nei Skotlân, de westkust fan Grut-Britanje en it eilân Man.
Yn 1893 rjochten Dubhghlas de hÍde, Eoin Mac Néill, pater Eoghan Ó Gramhnaigh en oaren de Conradh na Gaeilge, it Gaelic Bûn, op. Yn in pear jier tiid slagge it harren om in massabeweging op te setten foar stipe oangeande de Ierske taal. Der waard in begjin makke om de grammatika fan ’e skreaune taal yn oerienstimming te bringen mei de moderne sprutsen taal. As in resultaat fan dy ynspanningen waard yn 1958 de Offisjele Standert publisearre troch it regear fan Ierlân.
Neffens de folkstelling fan 2016 kinne 1,76 miljoen minsken yn ’e Ierske Republyk Iersk prate. De Ierske taal is de omgongstaal yn Gaeltacht-regio’s en de taal stiet ek stadichoan sterker yn plakken bûten de Gaeltacht. De Gaeltacht-gebieten binne te finen yn ’e sân provinsjes Cork, Donegal, Galway, Kerry, Meath, Mayo en Waterford. Yn 2016 seine yn totaal 63.664 persoanen (fan 3 jier en âlder), dat is 66,3 prosint fan ’e persoanen yn ’e Gaeltacht-gebieten, dat se Iersk prate koene.
Neffens de resulten fan ’e folkstelling fan 2011 hat 11% (184.898) fan ’e befolking kennis fan it Iersk, 1% heger as by de telling fan 2001. 11% kin de taal ferstean, 6% kin Iersk prate en 5% kin Iersk lêze en skriuwe.
Yn ’e Ierske Republyk binne op it stuit hûnderten skoallen dêr’t it Iersk de fiertaal is, fan beukerûnderwiis, oant leger en fuortset ûnderwiis. Neffens Gaeloideachas, de nasjonale frijwilligersorganisaasje dy’t it Iersktalich ûnderwiis befoarderet, binne der 160 Ierske beukerskoallen dêr’t 4.980 bern hinne gean, bûten de Gaeltacht binne der 286 legere skoallen mei yn totaal 49.822 learlingen en 78 skoallen foar fuortset ûnderwiis mei yn totaal 15.784 studinten.
Yn Noard-Ierlân binne yn totaal 92 skoallen dy’t ûnderwiis jouwe mei it Iersk as fiertaal oan mear as 6.000 bern yn it foarskoalske ûnderwiis, it leger en it fuortset ûnderwiis.
Yn Artikel 8 fan ’e Grûnwet fan Ierlân stiet it neikommende:
De Ierske taal is, as nasjonale taal, de earste offisjele taal.
De Ingelske taal wurdt erkend as in twadde offisjele taal.
De wet kin lykwols foarskriuwe, foar elk fan dizze talen, dat ien fan beiden eksklusyf brûkt wurde moat foar ien of oar mear offisjele doelen, yn it hiele lân of yn in beskaat diel dêrfan.
Yn ’e Wet fan de Offisjele Talen fan 2003 wurdt dit yn ’e wetjouwing fan ’e Ierske Republyk befêstige. De funksje fan de An Coimisinéir Teanga (de taalkommissaris) waard ynsteld troch de Wet fan de Offisjele Talen. It is in ûnôfhinklike wetlike funksje dy’t wurket as in ombudsman en tasichthâlder.
Yn Noard-Ierlân waard, yn de Goedfreedoerienkomst fan 1998, tasein dat de Ierske taal mei respekt behannele wurde soe. De taal waard ek erkend yn it Europeeske Hânfêst foar Regionale talen en Minderheidstalen, dat yn 2001 troch it regear fan it Feriene Keninkryk ratifisearre is foar it Iersk. En dochs waard de taal fierhinne marzjinalisearre yn maatskiplik en juridysk opsicht. Yn jannewaris 2020, nei in lange kampanje út ’e mienskip wei (dy’t bekend stiet as An Dream Dearg), is mei de oerienkomst ‘Nij Desennium, Nije Oanpak’ de fierdere wetlike status foar de taal yn Noard-Ierlân fêstlein. Boppedat is der in nije Kommissaris foar de Ierske taal oansteld foar de regio. Der wurdt oan wurke om dizze wetjouwing te fersterkjen en yn oerienstimming te bringen mei de wetlike status fan offisjele taal fan it Welsk en it Iersk (yn Ierlân).
