Cip ary prosiect

It projekt yn it koart

Il Progetto in breve

Semy-offisjele, bedrige, lânseigen regionale talen en minderheidstalen (RMTn) hawwe ien ding mienskiplik: de minsken dy’t sa’n taal prate, stappe yn beskate konteksten en situaasjes oer op ’e dominante taal. Se dogge dat as der immen by is dy’t de dominante taal praat, of wannear’t se mei immen prate dy’t se net kenne, of wannear’t se nei de winkel geane of nei it wurk. As de minderheidstaal net offisjeel stipe wurdt, dan wurdt gauwer fan taal wiksele en faker.



Wêrom stappe minsken sa gau oer op de dominante taal of mearderheidstaal yn guon situaasjes?


Psychologen hawwe in namme foar dizze taalhâlding: ûnderdienigens. Underdienigens is it spontaan ûnderdrukken, út eigen beweging, fan bepaald gedrach yn it foardiel fan immen oars, út gewoante of út eangst foar straf. Talige ûnderdienigens is oan ’e oarder as immen ophâldt om syn of har minderheidstaal te brûken en oerstapt op de oare taal, sels as net ien dêrom frege hat.


As immen dy’t Welsk praat in lokale winkel yn stapt yn in Welsk taalgebiet, dêr’t it personiel Welsk praat, en dan dochs yn it Ingelsk begjint, dan is dy persoan talich ûnderdienich. As twa sprekkers fan it Iersk mei-inoar prate en se stappe, as der in ûnbekende by komt, oer op it Ingelsk foardat immen dêrom freget, dan binne se talich ûnderdienich.
Der binne in soad foarmen fan talige ûnderdienigens. Al dy foarmen kinne spanning jaan by de sprekker en roppe gauris in gefoel fan ûngemaklikens op. It goede nijs is dat it hjir om gedrach en gewoantes giet, en dy kinst feroarje.

It LISTEN-projekt ûntwikkelet in metoade om sprekkers fan RMTn te trainen om har taalhâlding en -gedrach oan te passen. It doel is dat de sprekker úteinlik minder spanning fielt en fol selsbetrouwen de minderheidstaal brûkt. Mei wat oefening, en de wil om it te besykjen, kin elkenien syn of har taalhâlding en -gedrach feroarje en de taal faker en yn mear situaasjes brûke.

Talen fan it projekt

Cym

It Welsk is in Keltyske taal dy’t net folle oerienkomsten hat mei it Ingelsk. Ingelsktaligen sille heechút guon lienwurden fan it Welsk begripe. Der fine dêrom net in soad twatalige konversaasjes plak.
 
 
 

Fry

It Westerlauwersk Frysk (we neame it meastal gewoan Frysk) is in West-Germaanske taal dy’t benammen yn ’e provinsje Fryslân yn it noarden fan Nederlân sprutsen wurdt.
 
 
 
 

Gle

It Iersk is ien fan ’e âldste en meast histoarysk skreaune talen yn ’e wrâld. It earste bewiis derfan is te finen op Ogham-stiennen út ’e fyfde iuw.
 
 
 

Hun

Der binne 1,25 miljoen memmetaalsprekkers fan it Hongaarsk yn Roemenië, sa’n 6,3% fan de befolking. De measten wenje yn Transylvanië.
 
 
 
Erkenning

Dit projekt hat subsydzje krigen fan it Erasmus + finansieringsprogramma ûnder subsydzje-oerienkomst nr. 2019-1-ES01-KA204-064957