Hungarian
Hongaarsk
Der binne 1,25 miljoen memmetaalsprekkers fan it Hongaarsk yn Roemenië, sa’n 6,3% fan de befolking. De measten wenje yn Transylvanië. Yn twa regio’s dêre foarmje se de mearderheid fan ’e befolking: Széklerlân, in tradisjonele regio midden yn Roemenië, dy’t bestiet út Hargita (Harghita), Kovászna (Covasna) en dielen fan it distrikt Maros (Mureș) en Partium, yn ’e noardwestlike grinsregio, yn de distrikten Bihar (Bihor) en Szatmár (Satu Mare).
De measte memmetaalsprekkers fan it Hongaarsk (mear as 97%) identifisearje harsels ek as etnysk Hongaarsk. Dat betsjut dat de taal in belangryk elemint is en in skieding foarmet tusken de Roemeenske mearderheid en de Hongaarske minderheid. De Hongaarske taalfeardichheid fan net-Hongaren is beheind. Inkeld in lyts part (sa’n 1,5%) fan de net-Hongaarske befolking yn Roemenië praat of ferstiet de taal.
Wittenskiplik besjoen binne 1) likernôch 25% fan de Hongaren ientalich Hongaarsk, se brûke hast allinnich Hongaarsk yn alle domeinen, 2) likernôch 40-45% binne net-assimilearre twatalich, dy brûke it Hongaarsk yn it priveedomein, mar yn offisjele domeinen brûke se ta in hichte Roemeensk, 3) likernôch 20% binne assimilearre twatalich, dy brûke beide talen yn harren priveedomeinen en hast allinnich Roemeensk yn offisjele situaasjes en 4) likernôch 10% binne folslein assimilearre, dy brûke geregeld Roemeensk of oars net as Roemeensk yn alle domeinen fan it libben. Dy lêste kategory driget de Hongaarske taal kwyt te reitsjen.
Hongaarske bern kinne ûnderwiis folgje yn har memmetaal op alle nivo’s fan it iepenbier ûnderwiis, fan beukerskoalle oant heger ûnderwiis. De measten kieze derfoar om nei ientalich Hongaarske skoallen te gean. Neist dat se ûnderwiis folgje yn ’e Hongaarske taal, leare alle Hongaarske bern de steatstaal, fan beukerskoalle oant de ein fan it fuortset ûnderwiis, fjouwer oeren wyks.
Der binne sa’n 200 gemeenten dêr’t Hongaren yn ’e mearderheid binne. Yn dy regio’s wurdt de Hongaarske taal yn alle domeinen fan it deistich libben brûkt. Nettsjinsteande dat wurdt it Hongaarsk net erkend as in offisjele taal yn Roemenië. De Hongaarskpraters kinne lykwols, neffens de wet, harren taal brûke yn kontakt mei lokale autoriteiten en oerheidsynstânsjes, as se in persintaazje fan 20% of mear útmeitsje yn de bestjoersienheid.
