‘Wolkom

op de Listen-projekt website

It projekt

  yn it koart

In taal moat brûkt wurde, wol dy taal oerdroegen wurde oan nije generaasjes. Dat jildt foaral ek foar semy-offisjele, bedrige, lânseigen regionale talen en minderheidstalen (hjirnei RMTn), dy’t faak minder sprutsen en brûkt wurde yn it deistich libben.


Minsken dy’t sa’n taal prate, skeakelje bewust of ûnbewust faak oer fan de iene nei de oare taal. Yn in soad situaasjes stappe se oer op de mearderheidstaal yn stee fan dat se har eigen regionale taal of minderheidstaal brûke. Dat oerstappen nei de mearderheidstaal, wurdt sels dien wannear’t de petearpartner de minderheidstaal bêst ferstean kin. It bart ek wannear’t de minderheidstaal offisjeel erkend is, of as de taal yn in bepaalde kontekst wol begrepen wurdt. Soms is it ek sa dat sprekkers fan in regionale taal of minderheidstaal út gewoante de mearderheidstaal praten bliuwe, omdat se dat sa wend binne, sels as beide sprekkers fan taal feroarje kinne soene.


Assertiviteit hâldt yn datst selsfersekere bist en betrouwen yn dysels hast sûnder agressyf te wêzen. It is in kwaliteit en in manier fan kommunisearjen dy’tst leare kinst. Wannear’t it tapast wurdt op talen betsjut dit dat minsken treend wurde om har yn har eigen taal út te drukken wylst se har rêstich en selsfersekere fiele, ek wannear’t se net wis binne oft harren petearpartner harren wol ferstean kin.

It doel fan it LISTEN-projekt is om sprekkers fan RMTn middels te jaan om har taalhâlding en -gedrach te feroarjen troch strategyen fan taalassertiviteit te brûken.


mear witte
Login